Sneon 23 jannewaris 2010
“It kin hast net oars of elkenien dy’t dit Tinkskrift lêst, sil ûnder de yndruk wêze fan de krêft fan de 75-jierrige Kristlike Fryske Folksbibleteek."
Mei dizze wurden begjint Jannewietske de Vries – deputearre fan ’e Provinsje Fryslân – har Foaropwurd yn it op sneon 16 jannewaris 2010 publisearre “Tinkskrift 75 jier Kristlik Fryske Folksbibleteek 1934 – 1984 – 2009” (sjoch ek myn weblogberjocht fan 16 jannewaris 2010).
It Tinkskrift is makke mei help fan in grut tal skriuwers, fotografen en oare meiwurkers en is foarmjûn troch Miranda de Boer fan de printer Banda út It Hearrenfean (sjoch ek myn weblogberjocht fan 7 desimber 2009). Ik soarge foar de tekst- en fotorezjy, de einredaksje is dien troch Dick Eisma en fierders sieten yn ’e redaksje in tal oare bestjoersleden fan ’e KFFB, te witten: Tialda Dijkstra, Jacobus Knol, Corry Rozendal-Boelens en Wim van der Schaaf. De útjefte fan dit Tinkskrift waard mei mooglik makke troch de finansjele stipe fan ’e Wendelaar Bonga Stichting, fan it Anders Minnes Fûns en fan de provinsje Fryslân.
Foar it boek skreau ik artikels oer de 74e Jiergearkomste fan ’e KFFB, in Bestjoersgearkomste-fúljeton, in ferslach oer it ferfarren fan ’e KFFB-boekefoarrie, in stik oer de stipe fan it Mariënburgfûns oan de KFFB en dêrmei ek oan Stenden hegeskoalle en oan har Pabû-studinten, oer myn bydrage oan it oprjochtsjen fan Krúspunt (de nije Stichting foar Fryske Oekumene) en in korte oanset ta in fotopresintaasje fan allerhande âlde en nije foto’s fan KFFB-saken.
Yn it boek komme allegearre leden, lêzers, korrespondinten, skriuwers, in printer, in omslachûntwerper en oaren oan it wurd oer allerhande aspekten fan it wurk en oer de boeken fan ’e KFFB. It feestgedicht “Weromsjoch” fan KFFB-dichter Atze Bosch stiet ek yn it Tinkskrift. De artikels beskriuwe foar it grutste part allinne de ôfrûne 25 jier fan ’e skiednis fan ’e KFFB, omt de earste 50 jier al goed beskreaun binne yn it tinkboek “Slomjende krêften” fan 25 jier lyn. It nije Tinkskrift befettet ek artikels oer debuten, berneboeken, geastlike lektuer, muzykútjeften, dichtbondels, grutletterboeken, harkboeken en jout efteryn it boek in kompleet oersjoch fan alle 456 boeken dy’t de KFFB yn al dy 75 jier útjûn hat, wêrfan fan ’e boeken fan ’e lêste 25 jier ek alle omslaggen ôfbylde binne.
Der binne ek twa bydragen opnommen fan Kate Ashton en Elie Wiesel, bûtenlânske skriuwers, dêr’t de KFFB yn ’e ôfrûne jierren mei gearwurke. Ek de KFFB-boattochten út it ferline en de stipe dy’t de KFFB fan harren dochter-fûnsen krijt foar de publikaasjes wurde yn dit boek beskreaun. Sa jout it Tinkskrift in moai oersjoch fan it wurk en fan ’e boeken fan de KFFB.
It Tinkskrift hat KFFB-nûmer 459 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 77-0. Yn ’e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dit Tinkskrift keapje foar € 9,50. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB mar € 7,50 (dizze prizen binne ynklusyf ferstjoerkosten).
Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan ’e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta. En as nij KFFB-lid krije jo dit Tinkskrift der dan ek noch fergees by tastjoerd.
Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op ’e side: http://kffb.nl/nijlid.html
Geen opmerkingen:
Een reactie posten