zaterdag 16 januari 2010

Feestlike 75e Jiergearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek

Sneon 16 jannewaris 2010

De leden en oare gasten fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) komme de grutte Panoramaseal op 'e âlfde ferdjipping fan it nije World Trade Center (WTC) fan Ljouwert yn mei de muzykklanken fan it fleurich spyljend instrumintaal duo Oct-Opus. De seal rint gau fol; de 220 gasten kinne krekt yn dizze moaie seal, dy't ús ek in wiids útsjoch oer in wyt, winters Ljouwert jout. Wy binne hjir hjoed mei safolle minsken om meiinoar it jubileumfeest te fieren fan 'e KFFB, ús Fryske Boekeklub, dy't op 29 desimber 2009 al 75 jier bestiet (sjoch ek myn weblogberjocht fan 29 desimber 2009). It wurdt in moaie middei; "in boppeslach", sa seit foarsitter Minne Vis oan 'e ein fan it programma, dat de hiele middei duorre.

Earste gastsprekker is Bert Looper, de direkteur fan Tresoar yn Ljouwert. Looper priizget de KFFB, om't dy yn al dy jierren safolle romans en oare boeken publisearre hat yn 'e Fryske taal. Ek pleitet Looper foar mear gearwurking fan allerhande organisaasjes, dy't wurkje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Foar de rede fan Pieter Duijff is der muzyk fan it duo Grytsje Kingma (gitaar) & Rob du Jardin (fioele). Yn syn moaie feestrede rint Pieter Duijff mei grutte sprongen troch de lange literatuerhistoarje fan 'e KFFB. Hy wiist op de oarspronklike ferieningsdoelen, dêr't it KFFB-bestjoer yn dizze trijefearns ieu sa ticht by bleaun is, praat oer de fette jierren fan in KFFB mei sa'n 12.000 leden en praat oer de posysje fan 'e KFFB yn de hjoeddeistige sitewaasje, in tiid dy't freget om fernijing en meigean mei bygelyks de elektroanyske ynnovaasje. Dan is der wêr muzyk fan Oct-Opus.

Dêrnei rikt foarsitter Vis it earste eksimplaar fan it "Tinkskrift 75 jier KFFB" út oan Jannewietske de Vries, deputearre fan 'e provinsje Fryslân. Us deputearre wiist dêrnei op 'e kultuerwearde fan 'e KFFB, dy't no al safolle jierren alle jierren trije romans en ek noch oare publikaasjes útjout yn ús Fryske taal. It binne oan't en mei 2009 al 456 boeken, dêr't tûzenen leden en oare lêzers safolle lêsnocht fan hiene en noch hawwe. Nei dizze boekútrikking folget muzyk fan it duo Kingma & Du Jardin. Yn it skoft is der in mânske boeketafel mei ûnder oaren KFFB-útjeften tsjin gâns lege jubileumprizen.

Nei it skoft begjinne wy mei muzyk fan Oct-Opus, dy't slút mei in griemmank fan bekende Fryske lieten om ek mei te sjongen. Fansels is it Frysk Folksliet it lêste fan de searje lieten en dat wurdt meiinoar steande songen. Dêrnei folget it jierlikse boekepraatsje fan KFFB-karkommisjelid Wim van der Schaaf. Hy presintearret it útjefteplan foar 2010 en rikt de prizen út oan de winnende skriuwers Lieuwe Pietersen, Einte Prins en Anders M. Rozendal, fan wa't it kommende ferieningsjier nije boeken it ljocht sjen sille. Dit part wurdt ôfsletten mei muzyk fan Grytsje Kingma & Rob du Jardin.

Harren lêste liet is it gedicht "De útstrûper" fan ús KFFB-dichter Atze Bosch; prachtich op har eigen muzyk set troch Grytsje Kingma. En dan komt Atze Bosch nei foaren om twa gedichten en in yn it Frysk oerset Iona-liet foar te dragen; mei ûnder oaren it gedicht "Weromsjoch", dat Bosch yn 2009 skreau by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan 'e KFFB. En dan komt in oare jubilaris. It is ús trouwe KFFB-skriuwer Anders M. Rozendal, dy't fan't jier al syn tsiende roman yn tsien jier útjout by de KFFB. Rozendal lêst syn ferhaal "Hoi man" foar út syn nije KFFB-ferhalebondel "Hupsakee en oare ferhalen". In moai ferhaal en de seal is dan ek sa stil as in mûs.

En dan folget de ôfsluting en kin elts nei it drankje mei in hapke. In soad minsken binne optein oer dizze moaie feestmiddei en genietsje fan de moeting fan al dy minsken hjir, dy't de Fryske folksliteratuer in waarm hert tadrage. Nije wike krije alle leden it fleurige Tinkskrift thússtjoerd, dat dan kin it sjen fan 'e plaatsjes en it lêzen fan allerhanne teksten oer de KFFB en har boeken begjinne. KFFB-boeknûmer 459 is dan ek teplak brocht.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten